Cambuur-Fortuna giet net troch

23 jan 2009 - 12:56

De wedstriid tusken Sportklub_Cambuur en Fortuna_Sittard fan freedtejûn giet net troch. It fjild is troch de rein fan de ôfrûne dagen net goed te bespyljen. De wedstriid is no ferpleatst nei tiisdeitejûn om 20.00.

Foar Fortuna Sittard komt dat min út, want sy wiene al nei Fryslân ôfreizge. Omdat se kânshawwer binne foar de perioade, wiene se op trainingskamp yn Drachten. De konsul en de waarnimmer fan de KNVB fûnen it lykwols net ferantwurde om te spyljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)