Poortje: prate mei omwenners

De gemeenteried joech de foarkar oan lokaasje A...
De direksje fan jeugdfinzenis Het Poortje wol sa gau mooglik prate mei de minsken dy´t tichtby de finzenis op It Hearrenfean wenje. It wol de buert nochris dúdlik meitsje dat se net benaud foar oerlêst fan de jeugd hoege te wêzen. Nei in beslút fan ´e gemeenteried fan tongersdei is dúdlik dat Het Poortje oan de noardkant fan It Hearrenfean komt, neist de sneldyk.
Direkteur Hetty_Jansen fan Het Poortje ferwachtet dat de finzenis yn it meast geunstige gefal oer 3 jier iepen kin.