Ekstraatsjes wol nei minima

© Omrop Fryslân
De sosjale tsjinst Noardwest-Fryslân slagget der yn om hast al it jild foar de minima ek by de minsken te krijen. Dat yn tsjinstelling ta in soad oare gemeenten en sosjale tsjinsten. It slagget Eaststellingwerf bygelyks net om it âldjiersekstraatsje fan 50 euro út te kearen, omdat net bekend is wa´t allegearre ûnder de regeling falle.
By de sosjale tsjinst fan Noardwest- Fryslân hat 75 prosint fan ´e kliïnten de 50 euro ûntfongen. De tsjinst stribbet nei in heger persintaazje.