Feenstra nei Martinisikehûs

23 jan 2009 - 10:25

Bestjoersfoarsitter Hans_Feenstra fan soarchfersekerder De Friesland wurdt mei yngong fan 1 april de nije topman fan it Martinisikehûs yn Grins. Hy folget Jack_Thiadens op, dy´t op 1 jannewaris nei tsien jier fuortgien is. Hans Feenstra wurket sûnt 1999 by De Friesland. Hy waard yn 2001 foarsitter fan de ried fan bestjoer.

Feenstra sjocht it Martinisikehûs as in moaie nije útdaging mei in soad mooglikheden. Hy wol fral de kwaliteit fan de organisaasje ferbetterje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)