Hannelsmisje nei Finlân

KvK wol saken dwaan yn Finlân
De Keamer fan Keaphannel organisearret yn maaie in hannelsmisje nei Finlân. De reis is bedoeld foar noardlike ûndernimmers dy´t har op de Finske merk oriïntearje wolle.
Dat lân biedt Fryske en Grinslanner ûndernimmers in soad kânsen. It leit moai sintraal yn Noard-Europa en hat fan âldsher bannen mei de Baltyske lannen en Ruslân. Dat binne allegear geunstige omstannichheden foar noardlike ûndernimmers om nije kontakten te lizzen.