Wer 30 jier sel easke

22 jan 2009 - 16:33

Der is opnij 30 jier sel easke tsjin de man dy´t fertocht wurdt fan in deadlike sjitpartij, febrewaris ferline jier yn Koatstertille. Dat barde earder ek al. De rjochter hat de saak doe skorst omdat er mear witte woe oer de medisinen dy´t de fertochte brûkte, op it stuit fan it misdriuw.

De ferdigening wol frijspraak omdat de medisinen de man agressyf makken. It iepenbier ministearje seit op grûn fan tsjûgeferklearrings dat de man kalm wie flak foar it misdriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)