Wurkstraf saak omgongsregeling

Heit Peter wol syn soan sjen
Tsjin in frou út Frjentsjer is 100 oeren wurkstraf easke, wêrfan 40 oeren ûnder betingst, omdat se har eks-man net tastiet harren soan te sjen. De saak tsjinne tongersdei by de rjochtbank yn Ljouwert. Dat is frij útsûnderlik omdat gewoanwei de sivile rjochter sokke saken behannelet.
Dy sivile rjochter hat ek al in tal kearen bepaald dat de man syn soan sjen mei, mar omdat de frou har dêr net oan hâldt is de man no nei de rjochtbank stapt. Utspraak oer 2 wike.