Reboelje oer Fryske deputearre

© Omrop Fryslân
Oer de beneaming fan Janny_Vlietstra ta deputearre yn de provinsje Drinte is politike striid ûntstien. De âld-wethâlder fan Ljouwert en no noch boargemaster fan Winschoten nimt de taken oer fan in partijgenoat dy´t al in skoft siik is.
Neffens Grien Links en de SP yn Drinte binne sân deputearren tefolle foar de provinsje. Allinnich Súd-Hollân hat safolle deputearren. Yn prinsipe wurdt Vlietstra nije wike woansdei ynstallearre as deputearre.