BNR nieuwsradio fan 'e kabel

22 jan 2009 - 14:28

De kommersjele nijsstjoerder BNR Nieuwsradio ferdwynt yn in grut part fan Fryslân fan de kabel. De programmaried Fryslân seit yn in advys oan kabelbedriuw UPC dat de stjoerder wol fuort mei. UPC fersoarget it radio-en televyzjesinjaal ûnder oaren yn de gemeenten Ljouwert en Smellingerlân.

Neffens de programmaried wurdt der tefolle werhelle by BNR nieuwsradio. Fierder soene der mar in bytsje minsken nei harkje. BNR is poer oer it beslút en sil protestearje by UPC.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)