Stien Jan Arends ûntbleate

De stien mei it gedicht fan Jan Arends
De poëzyrûte fan Ljouwert hat der in stien by. Foar it gebou fan Tryater, oan de Oostersingel, waard woansdeitejûn in stien mei in gedicht fan Jan Arends ûntbleate.
De skriuwer en dichter wenne twa jier yn Ljouwert foardat er yn 1974 yn Amsterdam út in rút sprong en himsels sa tekoart die. Ynisjatyfnimmer fan de stien is Jan Arendz, akteur by Tryater. Hy spile ferline jier in stik oer it libben fan de dichter.