City Race: 9 moanne easke

9 moanne easke tsjin Snitser befeiliger
Der is njoggen moanne selstraf easke tsjin in befeiliger (47) út Snits. Hy wurdt ferantwurdlik hâlden foar de dea fan in Rotterdammer (26). De Snitser wurke as befeiliger by de Bavaria City Race yn Rotterdam, 2,5 jier lyn. Hy moast optrede doe't de Rotterdammer him misdroech en hie him yn in greep fêst.
Twa dagen letter is it slachtoffer ferstoarn. De alderearste fertinking wie deaslach. Dat is yntusken ôfswakke nei mishanneling mei de dea as gefolch.