De Vries ferlingt kontrakt

© Omrop Fryslân
Maratonteam Adformatie hat woansdei it kontrakt fan de Fryske rider Douwe de Vries fan It Hearrenfean mei in jier ferlingd. De Vries wûn ôfrûne sneon de Essent-maraton yn Amsterdam.
It team rekket de Frânske riders Tristan Loy en Alexis Contin kwyt, want dy wolle harren besykje te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen fan Vancouver yn 2010. Teammanager Edward van Dijk sil op syk nei twa nije riders.