Gaskrisis kostet CSK soad jild

© Omrop Fryslân
De gaskrisis tusken Ruslân en Oekraïne hat it Ljouwerter foedselbedriuw CSK in soad jild koste. Yn twa wiken tiid is der goed 100.000 euro ferlern gien. Troch it konflikt tusken de lannen gie ek de grins ticht en sadwaande kaam de hannel stil te lizzen.
Foar CSK betsjutte dat dat der gjin tsiis ferhannele wurde koe. Derom moast it fabryk yn Lviv yn 'e Oekraïne foar langere tiid de doarren slute. Yn it fabryk wurkje op it stuit tsien minsken.