Liet 2009 freget om ferskes

Jelte Posthumus wûn Liet 2008 mei syn band Pilatus Pas
Stichting Liet '91 ropt muzikanten op om har op te jaan foar Liet 2009 op 23 maaie. Bands of solisten dy't har opjouwe wurde oanslutend útnoege foar ien fan de fiif Liet-foarrondes yn de moanne april.
Wa't Liet wint mei oanslutend ek meidwaan oan Liet Ynternasjonaal. Dêr sit dit jier gjin reis oan fêst, want de finale fan dit evenemint is de kommende hjerst foar it earst yn fjouwer jier tiid wer yn Ljouwert. Op www.liet.nl stiet in opjefteformulier.