Fryske kreamheinsters yn aksje

© Omrop Fryslân
De ferloskundigen yn Fryslân komme yn aksje tsjin de neffens harren te hege wurkdruk. De ferloskundigen moatte fan de Nederlandse Zorgautoriteit 110 swangerskippen it jier begeliede. Sels fine se dat de grins komme moatte soe by 100 swangerskippen. By mear wurk komt neffens har de kwaliteit fan it wurk yn 'e knipe en is der te min tiid om swangere froulju te begelieden.
De kreamheinsters freegje jonge âlders om út protest in bertekaart nei de Nederlandse Zorgautoriteit te stjoeren.