Elma de Vries net nei Hamar

21 jan 2009 - 12:15

Gjin fan de trije Fryske reedrydsters dy't meidiene oan de skate-off op It Hearrenfean hat har pleatst foar it WK Allround yn Hamar. Woansdei, op de twadde dei fan de skate-off, makke allinne Elma de Vries noch kâns op in plakje, mar dy opset mislearre.

Foar Wieteke Cramer en Marrit Leenstra siet it der nei de 3.000 meter fan tiisdei al net mear yn. By de froulju twong Jorien Voorhuis kwalifikaasje nei it WK ôf. By de manlju die Tom Prinsen dat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)