Lestige Ieren op 'e eilannen
De Waadeilannen wurde pleage troch in stel Ieren dy't de doarren by del geane om generatoaren en hegedrukspuiten te ferkeapjen. De plysje hat ferskate ferûntrêste tillefoantsjes hân fan eilânbewenners oer de groep manlju út Ierlân.
Se soene frijwat agressyf te wurk gean. Op Teksel en Skylge hawwe se earder al probearre it spul te sliten. Tiisdei wiene se warber op It Amelân.