Fryske ûndersikers helpe Maly

21 jan 2009 - 11:42

Twa Fryske ûndersikers fan ekologysk ûndersyksburo Altenburg & Wymenga yn Feanwâlden reizgje dizze wike ôf nei Maly. Dêr sille Eddy Wymenga en syn kollega de lêste hân lizze oan in kompjûterprogramma foar de Malineeske Rykswettersteat. Dêrmei kinne se sjen wat der bart mei de rivier de Niger as je der boppestreams in daam yn lizze of wetter ôftaapje foar yrrigaasje.

Minder wetter yn de rivier hat grutte gefolgen foar lânbou en fiskerij yn it waarme Afrikaanske lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)