Mear kleur Ljouwerter krante

21 jan 2009 - 07:52

De Ljouwerter krante kin fan maart ôf op mear siden kleur brûke. Dat is it gefolch fan de oanskaf fan in nije parse troch útjouwer NDC. De hjoeddeistige parse kin mar in beheind tal siden yn kleur drukke.

De nije parse kostet de NDC 33 miljoen euro. De masine is kocht omdat advertearders hieltyd mear winsken ha oangeande it brûken fan kleur. Ek is de âlde parse tenein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)