Auto te wetter by Aldlemmer
Op de Hoofdweg by Aldlemmer is tiisdeitemiddei in auto te wetter rekke. De beide ynsittenden koene sels út de auto komme. Dûkers fan de brânwacht waarden wol ynskeakele, mar it wie net nedich om yn aksje te kommen.
It is noch net dúdlik oft de slachtoffers ek ferwûne rekke binne. Ek oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat te sizzen.