Nije wenwyk yn Beetstersweach

20 jan 2009 - 16:33

De gemeente Opsterlân ferwachtet dat ein dizze simmer begûn wurde kin mei de bou fan sa'n 65 wenningen yn it Van Lyndenpark. It giet om in nije wenwyk yn de bosk oan de westkant fan Beetstersweach.

47 wenningen komme yn in appartemintegebou dat sa'n 15 meter heech wurdt. It bestimmingsplan foar de nije wenwyk is klear en kin fan nije wike moandei ôf besjoen wurde. It is foar it earst yn jierren dat De Sweach der safolle wenten bykrijt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)