Subsydzje foar technyklessen

20 jan 2009 - 15:50

De provinsje Fryslân en it programmaburo VTB lûke nochris goed 200.000 euro út foar technyklessen foar bern. Achttjin basisskoalen yn Fryslân kinne gebrûk meitsje fan subsydzje fan de provinsje en VTB om technyk in fêst plak te jaan yn it ûnderwiis.

Der binne yn Fryslân al 165 skoallen dy´t gebrûk meitsje fan de subsydzje en 34 fan dy skoallen hawwe it projekt al mei sukses ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)