Topsportfysioterapy yn MCL

Fryske topsporters en sporttalinten sille tenei faker nei fysioterapeuten fan it MCL yn Ljouwert trochstjoerd wurde. It sikehús hat tiisdei in gearwurking tekene mei Topsport Steunpunt Noord, it stipepunt foar topsporters. Der binne yn Fryslân sa´n 40 oant 50 topsporters dy´t op wrâldnivo meidogge en dêrneist sa´n 80 oant 100 jonge sporttalinten.
De sporters kinne yn it MCL gebrûk meitsje fan in team fan fysioterapeuten en oare spesjalisten.