Fúzje wenningkorporaasjes

Der stiet in fúzje oan te kommen mei Thuis Wonen Broeksterwâld
Wenningkorporaasje Dongeradiel yn Dokkum en Thuis Wonen yn Broeksterwâld sille mooglik fusearje. Dêrta is moandei in yntinsjeferklearring ûndertekene. De twa wurkje al langer gear. Sa binne bygelyks de ûnderhâldstsjinsten al gearfoege.
Mei in bondeling fan krêften moatte de problemen dêr´t de folkshúsfesting yn Noardeast Fryslân mei te meitsjen hat oanpakt wurde, lykas in krimpende befolking en stagnaasje yn de wenningmerk.