Soargen Burgum nei frijlitting

20 jan 2009 - 11:35

Ynwenners fan Burgum meitsje har soargen oer de frijlitting fan in ûntuchtfertochte. De man wurdt der fan fertocht dat er ûntucht bedreaun hat mei fjouwer minderjierrige famkes. Ferline wike easke it iepenbier ministearje twa jier sel. De útspraak is net earder as 29 jannewaris, mar de rjochtbank liet de man al wol frij.

Neffens de parserjochter soe syn straf noait heger útfalle as de lingte fan de perioade dat er yn foararrest siet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)