Bonifacio ferhierd oan Zwolle

20 jan 2009 - 11:28

SC_Cambuurmiddenfjilder Brandon Bonifacio wurdt foar de rest fan it seizoen ferhierd oan FC_Zwolle. De talintfolle Kanadees komt yn Ljouwert hast net oan spyljen ta en hopet yn Zwolle mear spyltiid te krijen.

Marc Mboua bliuwt sa´t it no liket ek foar SC Cambuur aktyf. BV Veendam woe de oanfaller graach hiere, mar kin net foldwaan oan de hiersom. Direkteur Alex_Pama tinkt dat de seleksje dêrom yntakt bliuwt foar de rest fan it seizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)