Stroetinga 10e yn Austraalje
Hurdfytser Wim_Stroetinga fan Aldeberkeap is tiisdei tsiende wurden yn de earste etappe fan de Tour Down Under yn Austraalje. De oerwinning gie nei de Dútser André_Greipel.
Stroetinga seit sels dat er tsiende wurden is. Mar yn de offisjele útslach stiet er op it sânde plak. It betsjut wol in stoarmachtich debút yn it profpeloton. Snein waard Stroetinga yn in kritearium yn Adelaide noch twadde achter Robbie McEwen.