Proefboarrings by Noardwâlde

Vermilion sil by Noardwâlde sykje nei brûkber gas.
De gemeente Weststellingwerf wol meiwurkje oan twa proefboarrings yn de omjouwing fan Noardwâlde. Gaswinningsbedriuw Vermillion wol sjen oft der brûkber gas sit yn de boaiem yn de buert fan de Westvierdeparten en de Finkegeawei, flakby De Hoeve.
Ynkoarten sil Vermillion bewenners fan Noardwâlde op de hichte bringe oer de proefboarrings op in spesjale ynformaasjegearkomste.