Clubs spekke kas mei recycling

Sportclubs kinne apparaten winne troch âlde apparatuer yn te leverjen
Acht Fryske gemeenten begjinne in recyclingswedstriid ûnder sportclubs. Bedoeling is dat leden safolle mooglik brûkte sparlampen en âlde elektryske apparaten ynsammelje. Per gemeente kinne tolve ferienings meidwaan. De club dy´t de measte apparatuer ynsammelt, wint in krat fol mei nije apparaten dy´t bygelyks as prizen foar in ferlotting brûkt wurde kinne.
Dielnimmende gemeenten binne ûnder oare Smellingerlân, Kollumerlân en Dantumadiel.