Jild fuort by ynbraak Drachten
By in ynbraak yn in bedriuw oan de Dopplerlaan yn Drachten, is moandeitejûn jild stellen. Om deryn te kommen, waard der in doar forsearre.
Ut in klûs yn it bedriuw waard in ûnbekend jildbedrach meinommen. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.