Famke út Reduzum ferwûne

20 jan 2009 - 09:23

In famke fan 17 jier út Reduzum is moandeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn Spears. It slachtoffer ried op har brommer oer de paralleldyk fan de N354.

Troch noch ûnbekende oarsaak kaam se yn in slip en foel se mei de brommer. It famke waard foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)