Te min wettersportpersoniel

© Omrop Fryslân
De Hiswa komt ynkoarten mei in wervingskampanje foar nij personiel, want der driget in grut tekoart oan wurknimmers yn de wettersportyndustry. Yn de kommende jierren binne der tûzenen nije faklju nedich. Dat komt omdat meiwurkers yn dizze brânzje yn trochsneed boppe de 45 jier âld binne.
Nei 2010 gean in soad meiwurkers mei pensjoen. Op dit stuit binne der al in soad fakatueres dêr´t hiel dreech of net minsken foar fûn wurde kinne.