Dak-ynbrekkers-bende aktyf

19 jan 2009 - 22:13

Undernimmers moatte de dakken fan harren bedriuwen better befeiligje. It tal ynbraken yn Fryske bedriuwen nimt ta. De ôfrûne trije moannen is der al 35 kear ynbrutsen. Ek supermerken binne de dupe. De dieven komme der faak troch it dak yn en gean dan op syk nei jild en oar guod.

De plysje tinkt dat der profesjonele kriminelen aktyf binne, want se slagje der ek yn om it alarm út te skeakeljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)