Jong Hearrenfean flink ûnderút

19 jan 2009 - 21:30

Jong_Hearrenfean ferlear moandeitejûn kânsleas fan Jong_FC_Grins. Op sportpark Skoatterwâld waard it 4-1 foar de Grinzers. By it skoft wie it troch twa doelpunten fan Darryl_Lachman al 2-0 foar Grins. Pepijn_Kluin en Dennis Krohne makken it kwartet fol. Trije minuten foar de ein koe Samuel Armenteros de eare foar de Feansters rêde.

Jong Hearrenfean sakke nei it alfde plak mei 15 punten út 14 wedstriden. Trije ploegen hawwe minder punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)