Untuchtfertochte frijlitten

© Omrop Fryslân
In fan ûntucht fertochte man (35) út Burgum is moandei frijlitten. Ferline wike easke it ministearje twa jier sel tsjin de man, dy't der fan fertocht wurdt fjouwer minderjierrige famkes misbrûkt te hawwen.
Neffens de parserjochter hat de man no al langer yn foararrest sitten as dat de lingte fan syn straf wêze kin nei de definitive útspraak. Yn sa'n gefal wurdt in fertochte frijlitten. De útspraak yn dizze saak is op 29 jannewaris.