Iepen hûs by FrieslandCampina

19 jan 2009 - 16:43

Suvelkoöperaasje FrieslandCampina hâldt op 3 febrewaris 2009 in Open Deurendag. De dei is bedoeld om jongerein entûsjast te meitsjen om yn de suvelyndustry te wurkjen.

FrieslandCampina hâldt by njoggen festigings in iepen dei. De jongeren soene by it bedriuw oan de slach kinne as monteur of as food-operator. Se kinne by it suvelbedriuw ek wurkje en leare, in kombinaasje fan wurkje en yn dieltiid nei skoalle gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)