Amelân siket strânwachten

© Omrop Fryslân
De hâlders fan strânpaviljoens op It Amelân binne op syk nei sa´n fyftjin nije strânwachten foar it simmerseizoen. Fan 1 juny oant heal septimber binne de strânwachten alle dagen op it strân te finen. Op oare plakken wurdt faak tafersjoch hâlden troch frijwilligers fan de KNRM, op It Amelân is it in betelle baan.
De nije strânwachten moatte foar´t se oan it wurk kinne kursussen folgje, lykas omgean mei de boat, EHBO en in kursus oer drenkelingen.