Simulaasje F16 te lûd

© Omrop Fryslân
De lûdssimulaasje fan in F16 is moandei net te hearren by de besite fan steatssiktaris Jack_de_Vries fan definsje oan de Ljouwerter fleanbasis.
Foarsitter Geert_Verf fan Doarpsbelang Marsum woe de steatssiktaris hearre litte hoe´t de omjouwing fan ´e basis lêst hat fan it leven fan de F16´s, mar sjocht dêr dochs fan ôf. Omdat der safolle desibels yn in seal produsearre wurde, soene oanwêzigen bleat stean oan lûd dat de pinegrins fier te boppe giet.