Soad animo foar reedrydles

Soad oanmeldingen foar reedrydles (foto: Martin de Jong)
Thialf hat ferline wike hûnderten oanmeldingen krigen foar lessen. Fral bern wolle it riden leare op de iisbaan op It_Hearrenfean. Nei it riden op natueriis kamen de oanmeldingen binnen. Alle lessen sitte no hast fol. Oan de lessen dy´t no jûn wurde, dogge hast twa kear sa folle minsken mei as foar de Krystdagen. De belangstelling foar de lessen wie de lêste tiid minder.
Yn de Ljouwerter iishal is it ek folle drokker. Dêr binne 20 prosint mear oanmeldings.