Stopljochten N381 wurkje net

© Omrop Fryslân
Op de N381 tusken Drachten en Easterwâlde moat it ferkear rekken hâlde mei fertragings omdat de ferkearsljochten it net dogge troch in stroomsteuring. Op de krusingen by Donkerbroek, Wynjewâld, Appelskea en Easterwâlde dogge de ljochten it net.
De ferkearsljochten bliuwe moandei de hiele dei bûten gebrûk. Dêrtroch duorret it langer foardat auto´s de krusing oer binne. In monteur is dwaande om de ljochten wer oan ´e praat te krijen.