Mear krediten foar bedriuwen

18 jan 2009 - 16:10

'Bureau Zelfstandigen Fryslân' set ekstra minsken yn om bedriuwen te stypjen dy't it finansjeel dreech ha. It buro ferlient krediten oan bedriuwen dy't net mear by banken terjochte kinne.

De kredytferliener fernimt dat hieltyd mear bedriuwen by harren oanklopje, om't se de holle hast net boppe wetter hâlde kinne. Benammen skilders, makelders, zzp'ers en de hoareka hawwe de lêste tiid oankloppe by it Bureau Zelfstandigen Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)