Mishanneling mei bierglês
In 34-jierige man út Snits is fan sneon op snein yn syn wenplak oanhâlden foar mishanneling mei in bierglês. Yn in hoarekasaak oan de Marktstrjitte krige in 19-jierrige man út Balk rúzje mei de Snitser.
Dy helle út mei in bierglês op 'e holle fan de Balkster. It slachtoffer koe nei behanneling yn it sikehûs wer werom nei hûs.