Sjinkie Knegt diskwalifisearre

18 jan 2009 - 13:51

Sjinkie Knegt is sneontejûn diskwalifisearre yn de kwartfinale fan de 500 meter op it Europeesk kampioenskip sprint. Yn Turijn op de Olympyske baan makke er in fraaie passearbeweging dêr't konkurrint Harold Silovs út de bocht fleach.

De skiedsrjochter fûn dat dit net neffens de regels barde. Ek Niels Kerstholt waard diskwalifisearre trochdat er hindere. Daan Breeuwsma helle al earder de kwartfinale net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)