Promoasje Fryske boeken

Fryske boeken moatte better etalearre wurde
It Frysk Skriuwersbûn komt ynkoarten mei in mediakampanje om de Fryske boeken te promoatsjen. Der wurde hieltyd minder Fryske boeken útliend troch de biblioteken. Dit proses rint al jierren.
Der wurdt fan alles oan dien om it tij te kearen, mar dat slagget net. Fierder krije de Fryske boeken de minder goede plakjes op de skappen fan de boekwinkels en biblioteken, seit Koos Tiemersma, foarsitter fan it Frysk Skriuwersbûn.