Brân by gymseal Stiens

18 jan 2009 - 10:39

Oan de Ieleane yn Stiens hat yn de nacht fan sneon op snein brân west yn de opslachromte fan in gymnastykseal.

Yn de opslachromte stie in kontener mei âld papier yn de brân. De branwacht fan Stiens hat de plestik rolkontener nei bûten skood en it fjoer útmakke. De opslachromte hat lichte skea oprûn troch it fjoer en it bluswurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)