Fjoerbal sjoen op Skylge

© Omrop Fryslân
Ferskate minsken yn Noard-Nederlân hawwe sneontejûn melding makke fan in fjoerbal mei in slinger derefter dy't te sjen wie yn de loft.
Stjerrekundige Theo Jurriëns fan de Ryksuniversiteit yn Grins krige meldingen fan Skylge, Winschoten, Beilen en Voorhout. Neffens him gong it om in hiele heldere fallende stjer. Dan ferbaarnt der grús út de romte yn de dampkring. It ferskynsel wie te sjen om likernôch kertier oer achten.