Aris ferliest wer yn einfaze

17 jan 2009 - 22:31
Foto: Omrop Fryslân

Aris Friesland hat wer yn de allerlêste sekonden ferlern. Yn de derby fan it Noarden wûn Hanzevast Capitals út Grins mei 100-97 fan de Ljouwerters. Mei noch tsien sekonden te gean makke Matt Bauscher mei in trijepunter de lykmakker. It wie feest yn in útferkocht Kealledykje, mar Novak skoarde mei noch fjouwer sekonden te gean de winnende trijepunter.

Aris bliuwt achtste mei 16 punten út 22 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)