Friezen nei grutte boatebeurs

Op de grutste boatebeurs fan Europa steane 55 wettersportûndernimmers út Fryslân. De VVV fan Wymbritseradiel is der ek en allegearre boatferhierders. Se ha earder goede risseltaten boekt en komme dêrom hieltyd wer, ek al kostet in plak op de beurs 200 euro de kante meter.
De beurs yn Düsseldorf is sneon iepene. Der binne 17 hallen. Boot Düsseldorf is noch oant en mei 25 jannewaris. Yn Ljouwert begjint Boot Holland op 6 febrewaris.