Betizing oer ôffaloven Omrin
Der is ûndúdlikheid oer de skoarstien fan de ôffaloven dy't by Harns komt. Yn de miljeufergunning dy't de provinsje ôfjûn hat, stiet in hichte fan 44 meter. Op de webside fan Omrin dy't de sintrale bout, wurdt 55 meter neamd.
It docht bliken dat op de webside âlde ynformaasje stiet. De ôffalferwurker sil de fout sa gau mooglik rjochtsette. Neffens tsjinstanners fan de sintrale is dit typysk foar de ûnsoarchfâldichheid fan Omrin.