Scott nei foljeballers Snits

© Omrop Fryslân
It manljusfoljebalteam fan Snits krijt fersterking fan de Amerikaan Jonathan_Scott. De oanfaller út Texas spile yn it seizoen 2006-2007 ek al foar de Snitsers. Scott follet it plak yn fan de Braziljaan Marcillio, dy't nei in heal seizoen al wer fuort wie. De oanfaller sit foar de wedstryd fan sneon tsjin Sliedrecht by de seleksje.
Jonathan Scott is simmerdeis in strânfoljeballer, mar spilet yn de winter foar sealteams.